14 IN ÂLD LIETSE YN IN NY KLEETSE
wòrden: G.Knop (oost in D)
1
Myn alde ta sei lest tsjin my,
Ik wit in goeie famd for dy,
Dir moste mar mei trouje. ) bis
2
"It wachtsen dorret nû lang genôch, gin nei dyn famd en sprek nû
ôf,
Wannear geest mei hjar
trouje". ) bis
3
"Myn famd"? sei`k da,"`k Wit nerges fan, ik hab noch
noait in famke hawn,
En nû mot`k só mar trouje"! ) bis
4
"Myn jonkje", sei myn Ta tsjin my, "Ik hab in famke socht
for dy,
En dir mostó mei
trouje". ) bis
5 "Och Ta, sei`k da,"Wol Ta net
gean, ik dûr gyn frouljû yn`d eagen sjean,
Noch folle minder trouje". ) bis
6 Us
Ta gong dalik dirop út, en stapte rocht nei Lysbet Pût,
Want dirmei most ik trouje. ) bis
7
"Wol ja", sei Lysbet,"`k Bin net bang, lit him mar
komme,`k wachts allang,
En wol, wol graech rys
trouje". ) bis
8 Nû
waes 'r niks mear oan to dwean, of`k wou of net, ik most nû gean,
En freie hjar to troujen. ) bis
9
Dir stong ik for myn famd hjar hues, en tocht, ik wou, hja waes net
tues,
Só bang bin ik for troujen. ) bis
10 Ik hie gyn droege tried oant
liif, as`k sei tsjin Lysbet, do wòst myn wiif,
Us Ta wol, dat`k dy
trouje. ) bis
11 "Kom diryn",
seise,"Set dy dêl, gin nei de âlde en fortêl,
Dasto mei my wost
trouje". ) bis
12 De âlde chou in stoel by`t fjur, en `k
spriek mei him wol oer it ûr,
Altyd mar troch fan troujen. ) bis
13 As d'âlde klok sloech njoggen ûr, da sei de
âlde, dat`t bêddtiid wûr,
Mar net for hwa wou trouje. ) bis
14 Myn Lysbet schou hwat tichterby, ik fong dat
wol hwat errich fry,
En se,:"Is dat nû
troujen"? ) bis
15 "Ei, mâlle jonge",sei se da,
"Dir moste krek in famd for ha,
Want erder kanst net trouje”. ) bis
16 Hja koom sò akelich tichterby, dat`k tocht,
wat wol dy famd fan my,
Wol se nû al mei my trouje? ) bis
17 `t Sweet briek my út, ik kû net mear, ik wol
nei hús to,`k bin so near,
Dat komt fan al dat troujen. ) bis
18 Da sei se in word, dat`k net forstong, mar`k
ljouw, dat se my in ezel fong,
En toch wou se mei my trouje. ) bis
19 "Och Lysbet",sei`k,"Ik kry
pin yn`t liif, myn tong wordt yn myn mule stiif,
`k Bin toch só bang for
troujen". ) bis
20 "Ast bang bist, seise en gong stean,
dan most mar gau nei dyn mim to gean,
Hast gyn forstân fan troujen. ) bis
21 Noch noait hab`k flein as op dy jong, noch
noait só moai ús húske fong,
Noait gin ik wer út troujen ! ) bis
***************
Terug naar titel en beginregel
Terug naar Terschellinger liedjes